Historie Boornbergum
Door Jochum Dykstra
De namme
Yn âlde tiden wie de Boarn in rivierke dat syn wetter nei de eardere Middelsee ôffierde. De skippen fearen djip it lân yn. By ’t winter stienen de lege lannen links en rjochts fan de stream ûnder wetter. Soms sloegen de weagen oan de sânkoppen fan Boarnburgum ta. It wie mar goed dat de tsjerke op in ferheging boud wie. Op de sânrêch wie al iuwenlang in delsetting. Dêr wennen de minsken feilich. Sa wurdt de namme ‘Boarnburgum’ ús dúdlik: ‘burg’ slacht op de hege hichten, dêr ‘t it wetter net komme koe. De útgong ‘um’ is in ôfkoarting fan ‘him’, it lân fan de befolking. Boarnburgum wie dus in foar it wetter net te berikken oard om te wenjen, it lei net fier fan de Boarn.
De tsjerke
It doarp Boarnburgum moat al lang bestean. Dat is op te meitsjen út de herfoarme tsjerke. De oarspronklike âlde grize wie boud fan dowestien (H.: tufsteen). Sok boumateriaal waard brûkt yn de perioade foar 1200. De út de bergen hakke stiennen waarden ynfierd út Dútslân. Yn 1733 kaam der in ein oan dizze tsjerke mei syn mânske toer, dy’t fier yn ‘t rûn te sjen wie. Yn de Sinteklaasnacht stoarte de toer yn. Troch de ferkeap fan de djoere dowestien koe al gau de nijbou útein sette. Dêrom stiet yn de wynwizer efterop de tsjerke fan hjoed it jiertal 1734. Doe kaam it gebou klear.
De Tsjerke fan foar 1734
Herfoarme tsjerke südside
Grut
It gebiet dat ûnder it doarp foel, lei nochal útinoar. Fan de Drait oant fier yn it westen, de Botmar ta. Hjir en dêr lei in buorskip: Goaiïngahuzen, De Flearbosk, De Wylgen, Smelle Ie en de huzen om de tsjerke. De Feanhoop ûntstie doe’t yn de 19e iuw de Beetster Feart groeven waard. De feanterij kaam goed op gong. Oan de ein fan de feart, by de slûs, festigen har hieltyd mear minsken. En fan de measte petgatten waard wer brûkber boerelân makke.
Earst yn 1956 waarden de fersprate útbuorrens ferheven ta in eigen doarpsstatus. It memmedoarp Boarnburgum is noch altyd it sintrum fan it westlik part fan de gemeente Smellingerlân.
Foar 1900 wiene de doarpen net maklik oer de wegen te berikken. De sânpaden wiene winters faak troch de modder minder goed tagonklik. De Boarnburgumer Feart spile in grutte rol. It wie de farwei nei bûten. De feart waard al groeven yn it begjin fan de feanterstiid: 1648.
Monumint by begjin fan de feart
Oantinken dorpsfernijïng
It bestjoer fan Doarpsbelang hat de histoaryske betsjutting fan de Boarnburgumer Feart ynsjoen en
yn 2020 in monumintaal oantinken delsette litten.
It sierlike boatsje stiet symboal foar de skipfeart en de ekonomyske aktiviteiten fan dizze streek. It is makke troch de byldhouwer Gerard Herder, dy’t jierrenlang oan de Nijewei wenne.
En as ôfsluting fan de doarpsfernijïng liet de gemeente in oantinken by it opstappunt fan de feart meitsje.
Yn 1911 lieten de griffermearden in nije tsjerke bouwe oan de Hegewei, in strjitte dy’t fan 1956 ôf de namme Easterbuorren draacht.
In oar wichtich plak fan treffen is it doarpshûs mei de tapaslike namme: ‘t Bynt.
De griffermearde tsjerke
It Bynt
Troch de jierren hinne wie it gros fan de befolking wurksum yn de lânbou. Nei de Twadde Wrâldoarloch (1940 - 1945) is dat rap feroare. Troch skaalfergrutting is der noch mar in hânfol boeren dy’t de tank folmelkt. De ynwenners fan Boarnburgum hoege net fier foar de boadskippen, de bakker en de Poisz binne oanwêzich. En foar ‘lekker ite’ is in besite oan de Bikker of it Spijshuys oan te rieden.
Fierder binne der yn Boarnburgum twa bassisskoallen, elk mei syn eigen útgongspunten. En wa fan sport hâldt, kin lid wurde fan de SC Boarnburgum’80. Dizze klub foarmet in koepel foar gymnastyk, tennis en fuotbal. Foar de lêste tûke is der in saterdei- en in sneinskompetysje.